Soarchpleats Wynjewâld ticht

De kliïnten fan soarchbuorkerij Eigendraads yn Wynjewâld moatte ynkoarten nei Opende yn Grinslân. De lokaasje Wynjewâld moat ticht fan de gemeente. It bedriuw sit yn in gebou mei in wenbestimming en dêr makket de buorman beswier tsjin. De gemeente hat de situaasje lang tastien.
De direksje fan Eigendraads moat 1 maaie de aktiviteiten yn Wynjewâld stopsette, oars rinne se kâns op in boete fan 5000 euro per wike mei in maksimum fan 50.000 euro.