Máxima iepenet nije NHL

Prinses Máxima iepenet 27 maaie de nijbou fan de Noardlike Hegeskoalle yn Ljouwert. Se krijt earst in rûnlieding troch de nijbou oan de Rengersleane en sil dêrnei de iepeningshanneling dwaan.
Yn jannewaris gie nei in grutte ferhuzing de nije lokaasje al offisjeus iepen. De NHL is tige wiis mei de komst fan Maxima. "Sy is de leukste" sa sei in wurdfierder mei in knypeach.