Sinesappels yn Ljouwert
Op Keninginnedei wurde yn Ljouwert 9000 sinesappels útdield. Marketing Leeuwarden docht dat om omtinken te freegjen foar it Nassau-ferline fan Ljouwert. De sinesappels sitte ynpakt yn in papierke, dêr't it adres fan in webside op mei ynformaasje oer de Nassaus yn Ljouwert.
De Fryske haadstêd jout de kommende jierren op ferskate wizen omtinken oan de bân mei it keningshûs. Yn it keramykmuseum is no de útstalling Oranjegoed.