Tsjûgen socht fan strjitrôf

28 apr 2010 - 10:15

De plysje siket tsjûgen fan in strjitrôf yn Oranjewâld. Tiisdeitejûn waard in man (27) fan It Fean yn in tunnel oan de Koningin_Julianaweg troch in oare man oansprutsen. Dy man pakte al gau in mes en easke jild.

It slachtoffer draafde hurd fuort en belle de plysje. De berôver kaam net achter him oan. De plysje siket in frou dy´t troch de tunnel fytste. Ek wol de plysje yn kontakt komme mei in man op in scooter dy´t op de Cissie_van_Marxveldtlaan mei ien prate.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)