Kangeroejong berne yn it wyld

28 apr 2010 - 08:20

Yn Eaststellingwerf is in groep kangeroes sjoen mei in jong. It soe foar it earst yn Nederlân wêze dat der yn it wyld in jonge kangeroe berne is. De âldere eksimplaren ûntsnapten earder yn Makkingea.

It giet om in jonge wallaby, in lytse fersy fan de kangeroe. De melding komt fan de Zoogdiervereniging. Dy sjocht yn de berte it bewiis dat kangeroes har oanpasse kinne oan de Nederlânske natuer. Gewoanwei libje se allinne yn it wyld yn Australië.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)