Maywood makket trochstart

28 apr 2010 - 08:10

It eardere Fryske duo Maywood makket in trochstart. De susters Alice May en Caren Wood, de artystenammen fan Alie en Doetie de Vries, skoarden yn de jierren tachtich sawol yn binnen- as bûtenlân in tal hits. Dêr kaam fyftjin jier lyn in ein oan doe't de twa mei rûzje útelkoar gongen.

Alice May blaast it duo no nij libben yn. Dat docht se mei in oare partner, sjongeres Inge Peters. De twa sille ek âlde hits as 'Rio' en 'Late at night' yn har programma opnimme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)