Opnij natoerbrân

Der wiene tiisdei opnij inkele lytse brântsjes yn de provinsje. Sa fleach in stik natoer yn it Griene Stjer gebiet by Ljouwert tiisdei op 'e neimiddei yn 'e brân. De brânwacht sette twa weinen yn om de brân te blussen.
Yn de omkriten fan Harns wie it raak yn in stik reid. De droechte fan de lêste wiken soarget hieltyd faker foar lytse natoerbrântsjes. Ferskate gemeenten lykas de gemeente Opsterlân ha al in smook- en rookferbod ynsteld.