Ekstra wetter yn Iselmar

Rykswettersteat en de wetterskippen binne op it stuit drok dwaande om maatregels te nimmen om skea troch leech wetter foar te kommen. Sa wurdt der ekstra wetter yn it Iselmar pompt. Hjirtroch kin it skipfeartferkear mooglik langer trochfarre.
De droechte fan de ôfrûne wiken hat derfoar soarge dat der minder wetter it lân yn komt. Benammen de legere wetterstân yn de Rijn is reden ta soarch. De ferwachting is dat de droechte de kommende tiid oanhâlde sil.