Mark de Vries bêste spiler

Mark de Vries (foto: Omriop Fryslân)
Oanfaller Mark de Vries fan Cambuur is útroppen ta bêste spiler fan it jier fan de Jupiler League. Hy krige de priis, in Gouden Bolle, tiisdei yn Amsterdam. Hy hat dit seizoen 21 kear skoard. It is foar De Vries de earste kear dat er de priis kriget.
De priis foar bêste trainer gie nei Darije Kalezic fan De Graafschap. Michael de Leeuw fan BV Veendam mocht twa kear in priis yn ûntfangst nimme. Ien foar topskoarer en ien foar bêste talint fan de earste divyzje.