Evakuaasje fanwege bommen

27 apr 2010 - 16:24

Sawat 150 minsken tusken Bitgummole en Marsum moatte woansdei de hiele dei de hûs út. Op 'e Ljouwerter fleanbasis wurde dan fjouwer bommen demonteard. De plysje sil hurd optrede tsjin minsken dy't dochs yn it gebiet bliuwe. Yn in rûnte fan 1500 meter om 'e bommen hinne wurdt it gebiet hermetysk ôfsletten. Al mei al giet it om 154 bewenners fan Bitgummole, Marsum en fan in wenwyk yn Ingelum, 54 hûzen meiinoar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)