Bak Nielsen ûnder it mes

27 apr 2010 - 14:43

Kristian Bak Nielsen sit by de lêste kompetysjewedstriid fan SC Hearrenfean tsjin Feyenoord op 'e tribune. By de Deenske ferdigener binne tiisdei twa skroeven út it ankel weihelle. Bak Nielsen hat twa jier mei it izer yn it ankel omrûn fanwege in lyts skuorke yn 'e bonke. By it fuotbaljen hie er dêr lêst fan.

Omdat der yn de lêste wedstriid tsjin Feyenoord neat mear op it spul stiet, is der yn oerlis mei de medyske stêf besletten de skroeven derút te heljen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)