Verkley ûntkent flaters

Foto: Omrop Fryslân
De meiwurkers fan Verkley hawwe gjin flaters makke by it gaslek yn Wytmarsum. Dat tinkt de direksje fan it bedriuw. By graafwurk foar in nije supermerk is moandei in lieding stikkenmakke. Fanwege it gas dat dêrnei frijkaam hawwe it neistlizzende gemeentehûs en in tal huzen in moarn lang ûntromme west.
De gemeente wol de skea dy't dêrtroch ûntstien is op Verkley ferhelje. It bedriuw lit syn ferskeringsmaatskippij no útsykje oft dat terjochte is.