Jongbloed komt mei rekkengame

27 apr 2010 - 12:14

Jongbloed op It Hearrenfean wol him mear rjochtsje op kompjûterprogramma's foar skoallen. De útjouwerij en drukkerij sil in nije rekken-game ûntwikkelje. It moat in serieus rekkenspul wurde foar gebrûk op skoallen. Tsien fan 'e hûndert meiwurkers moatte dêr wurk oan hawwe.

Jongbloed is benammen bekend fan it drukken fan bibels. Fierder makket de drukkerij ek 'dwerslizzers', lytse boekjes. It tal titels dêrfan sil fan fjirtich nei hûndert útwreide wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)