Ynbraak yn benzinepomp

27 apr 2010 - 11:53

Yn Drachten is yn 'e nacht fan moandei op tiisdei ynbrutsen yn in benzinestasjon oan 'e Eems. De plysje krige dêr in melding oer. By oankomst wiene de dieders al fuort.

Op bylden fan bewakingskamera's binne trije minsken te sjen dy't in rút stikkenmeitsje om it gebou yn te kommen. De ynbrekkers hawwe in grutte partij sigaretten meinaam en binne dêrnei mei in auto fuortriden. De plysje freget tsjûgen harren te melden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)