Fjirtjin skiep stellen

Ut in stik greide oan de Leeksterwei by Haulerwyk binne ferline wike fjirtjin stiks Drintske heideskiep stellen. De eigneresse soe de bisten sneon foer jaan, mar seach dat de skiep net mear yn it lân stiene. Se hie de bisten tongersdeitejûn noch sjoen.
De plysje siket tsjûgen fan 'e stellerij. Dy kinne harren melde op it gewoane plysjenûmer 0900-8844 of op Meld Misdie Anonym 0800 - 7000.