Fytsers falle oer fiskangel

De plysje siket tsjûgen fan in slim ûngelok ôfrûne sneon by Koudum. In groep fan seis hurdfytsers stuts om sawat tsien oere de Slieperdyk oer. Dêr rûn krekt in man mei in angel. Doe't de fytsers tichtby wiene, stuts er de angel oer de dyk hinne sadat de fytsers útwike moasten. Dêrtroch foelen trije fytsers op 'e dyk.
Twa fytsers rûnen swiere ferwûnings op en moasten foar behanneling nei in doktor. De angelder is nei it ûngelok fuortgien.