Ferkearshinder om en yn Snits

27 apr 2010 - 07:29

It ferkear yn en om Snits hat op dit stuit bot lêst fan wurksumheden oan de A7. Ôfrûne wykein is úteinset mei in nije faze en dat betsjut dat guon ôfslaggen ôfsluten binne en oaren krekt iepen. Moandei rieden in hiel soad automobilisten ferkeard, omdat de buorden har ferkeard stjoerden. As se nei Ljouwert woene, bedarren se op De Jouwer. Dy problemen binne no oplost.

De berikberheid fan Snits moat foar Himelfeartsdei op 13 maaie wer yn oarder wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)