Boarstbyld foar Sannes

26 apr 2010 - 23:33
Foto: Omrop Fryslân

Hartman Sannes, de skoalmaster en skriuwer fan de skiednis fan It Bilt, hat in boarstbyld krigen. It brûnzen byld, dat makke is troch keunstner Frans Ram, is moandeitejûn ûntbleate troch Henk Kas en Aldert Cuperus. Beide binne, krekt as Sannes, ek folop dwaande mei de taal en de skiednis fan It Bilt.

It byld is der kaam op inisjatyf fan de Stichting 'Ons Bildt' en stiet yn it Bilts dokumintaasjesintrum yn Sint Anne.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)