Min begjin Marit Bouwmeester

26 apr 2010 - 21:32

Marit Bouwmeester is yn it Frânske Hyeres by de fjirde wrâldbeker fan it seizoen min begûn. Snein krige se mei in tal oare sylsters de swarte flagge nei te faak in te betide start. Troch te min wyn waard de wedstriid net útsyld, mar de straf bleau stean. Yn de twadde race yn de Laser Radial waard de sylster út Warten 14e.

Brechtje van der Werf fan Snits kaam yn it matchracen mei Groeneveld en Bes net yn aksje. Snein waarden fan de fjouwer wedstriden trije wûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)