Jong H'fean ferliest fan PSV

Jong Hearrenfean/Emmen koe it moandei yn it Abe Lenstra stadion krekt net oprêde tsjin Jong PSV. De thúsploech krige foar sa'n 400 taskôgers wol kânsen, mar de ôfwurking wie net goed. PSV spile nei de reade kaart fan Andy van der Meyde de hiele twadde helte mei tsien man. Romario Sabajo wie yn de 79ste minút de doelpuntmakker foar de ploech út Eindhoven.
Jong Hearrenfean/Emmen stiet tsiende en spilet takom wike de lêste wedstriid yn Rotterdam tsjin Sparta.