Ekhart yn race foar listlûker

Wethalder Andries Ekhart fan Snits
De Snitser wethâlder Andries Ekhart is de beëage listlûker fan de PvdA yn de nij te foarmjen gemeente yn de Súdwesthoeke fan Fryslân. Op 12 maaie sil op it kongres fan de PvdA de listlûker offisjeel bekendmakke wurde. Der is noch gjin tsjinkandidaat.
De ferkiezings foar ien nije gemeente yn de Súdwesthoeke fine plak yn novimber fan dit jier.