4 Wimpels foar Fenna Zeinstra
Fenna Zeinstra krijt woansdeitejûn by de partoerpresintaasje de earste '4 Wimpels'. Dizze ûnderskieding ferwiist nei de fjouwer belangrykste keatswedstriden by de froulju. Dat binne: de Ald-Meiersparty, de Jong Fammepartij, de Frouljus PC en it Nederlânsk Kampioenskip keatsen.
De 22-jierrige keatster út Boalsert is oant no ta de iennige dy't dizze fjouwer wedstriden wûn hat. De '4 Wimpels' is de froulike fariant fan it 'Klaverke 4' by de manlju.
Trefwurden:
argyf