Langere opsje op boukavel

26 apr 2010 - 15:14

Smellingerlân wol it partikulieren makliker meitsje om in boukavel te keapjen fan de gemeente. De opsjetermyn foar it keapjen fan in kavel sil ferlinge wurde fan no trije moanne nei in jier. Minsken dy't in keapwenning hawwe, krije sa langer de tiid om har wenning te ferkeapjen.

De regeling jildt foar kavels yn in nijbouplan Vrijburgh yn Drachten-Noard en foar tsien kavels yn Boarnburgum.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)