Undersyk nei skea gaslek

Amtners koene oeren net oan it wurk (foto: Rudy Bouma)
De gemeente Wûnseradiel besjocht oft de skea troch de evakuaasje te ferheljen is op it bedriuw dat oan it wurk wie yn Wytmarsum. By graafwurk foar de nije Poieszsupermerk yn it doarp, waard in gaslieding trochmidden skuord. Neffens de kraanmasinist stie de lieding net goed op de kaart.
Sa'n tweintich omwenners moasten de hiele moarn it hûs út, mar ek 110 amtners koene net oan it wurk. De gemeente sil dizze wike besjen hoefolle wurkoeren ferlern gien binne.