Eksploazjegefaar gaslek foarby

26 apr 2010 - 11:37

It eksploazjegefaar yn Wytmarsum is foarby. Moandei om 11.15 oere mocht elk werom nei syn wenning of wurkplak. 110 amtners fan de gemeente Wûnseradiel en 20 omwenners en wurklju waarden om 9 oere evakuearre.

By de nijbou fan de Poieszsupermerk op it terrein fan de eardere asylopfang waard in gaslieding stikkenlutsen. De kraanmasinist seit dat dy lieding net goed op de kaart yntekene stie. Kooi hat mei syn kollega's it gat tichtstoppe en bedobbe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)