Bekeuringen yn Sigerswâld

26 apr 2010 - 10:38

Yn Sigerswâld binne snein trije bekeuringen útdield oan autobestjoerders dy't fierstente hurd rieden. Dat wie op de Klauwertswei en de Binnewei. Op beide diken mei mar 80 riden wurde, mar de trije auto's rieden wol 30 kilometer te hurd.

Mei-elkoar waarden hast 100 auto's kontrolearre. De plysje hold de kontrôle nei oanlieding fan klachten.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)