Gaslek yn Wytmarsum
It gemeentehûs fan Wûnseradiel en fjouwer wenningen yn Wytmarsum hawwe moandei ûntromme west fanwege in gaslek. By wurksumheden op de Arumerwei is in gaslieding rekke. Dêr wurdt in Poiesz-supermerk boud op it plak fan de eardere asylsikersopfang.
Yn in straal fan hûndert meter om it lek hinne moast elkenien út syn hûs. Sa'n 20 omwenners en wurklju en 110 amtners wiene evakuearre. Se waarden opfongen yn it kafee. De evakuaasje duorre oant 11.15 oere.
Trefwurden:
argyf