'Djuricic nei Juventus'

25 apr 2010 - 16:38

It Servyske fuotbaltalint Filip Djuricic (18) ferlit sc Hearrenfean. Neffens de Italjaanske sportparse is Djuricic de bêste oankeap dy't Juventus dien hat foar de takomst.

Juventus ferwachtet net dat Djuricic gelyk yn 'e basis stiet, mar wol him helje om it 'Juventus fan de takomst' te bouwen. Njonken Djuricic hat de klup dêrom ek Manuel Fischnaller (19), in Italjaansk fuotbaltalint út Súdtirol, fêstlein en Carlos Garcia (17) fan it Sweedske Djurgarden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)