Snits wint fan Nieuw Buinen

25 apr 2010 - 16:15

Sneinshaadklasser Snits Wyt Swart hie snein op it eigen fjild gjin inkelde muoite mei degradaasjekandidaat Nieuw Buinen. De Snitsers wûnen de wedstriid mei 5-1. Doelpuntemakkers Kassim Bizimana en Freerk de Jong skoarden beiden twa kear en Age Hains Boersma ien kear.

Troch dit resultaat binne de Snitsers feilich. Se bliuwe yn de haadklasse. It al earder degradearre De Jouwer ferlear yn Emmen mei 4-0 fan WKE.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)