VVD: gjin kultuer by provinsje

De provinsjes moatte harren net mear bemuoie mei kultuerbelied. Dat ha de leden fan de VVD snein besletten op it ferkiezingskongres yn Arnhim. De VVD fynt dat provinsjes harren fral dwaande hâlde moatte mei saken as miljeu en romtlike oardering.
In amandemint foar provinsjaal kultuerbelied waard fersmiten. Kultuer heart neffens de VVD thús by it Ryk en de gemeenten. Ek provinsjes mei in eigen taal, lykas Fryslân, hoege gjin kultuerbelied te fieren, fynt de VVD.