Jonge fernielt winkelruten
Yn de Van Harenstrjitte yn Wolvegea hat in 18-jierrige ynwenner sneintemoarn mei in stik hout op guon ruten fan winkels slein. Tsjûgen sprutsen de surveillearjende aginten der op oan en dy koene de jonge oanhâlde. By syn oanhâlding fersette de fertochte him en rôp er bedriigjende en misledigjende wurden.
Hy waard ynsletten foar ferhoar op it plysjeburo.