Botsing mei drankrider

25 apr 2010 - 12:00

By Kollumerpomp is sneontejûn in 27-jierrige autorider út de gemeente Kollumerlân ferwûne rekke. Yn in bocht fan de Soensterdyk ferlear de man de macht oer it stjoer. In tsjinlizzer fan Hallum (61) mei twa ynsittneden koe in botsing net mear foarkomme. Beide auto's bedarren njonken de dyk.

Ut in blaastest die bliken dat de man fan 27 ûnder ynfloed fan alkohol wie. Hy waard mei ferwûnings oan de knibbel nei it sikehûs brocht. Dêr waard de man ek in bloedproef ôfnommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)