Prima Aris nei heale finale

De Friesland Aris hat ek de twadde wedstriid yn de play-offs fan EiffelTowers Den Bosch wûn en is no heale finalist. Nei de 85-82 winst fan tongersdei waard it sneontejûn yn It Kealledykje 87-75 foar de Ljouwerters.
Aris makke it ferskil yn de earste twa kwarten. Nei 24-15 yn it earste rûn it team fan coach Pete Miller út nei 53-30 healwei. Dat gat koe Den Bosch net mear goedmeitsje. Benammen Craig Moore spile mei 25 punten in geweldige wedstriid.