Bibleteek Akkrum leechhelle

Ynwenners fan Akkrum hawwe sneon de bibleteek yn harren doarp leechhelle. Dat dienen se út protest tsjin de plannen fan 'e gemeente Boarnsterhim om de bibliotheek te sluten.
Alle boeken binne út de kasten helle om alfêst it skrikbyld fan in leech gebou en lege skappen te toanen. Sûnder de gemeentlike bijdrage fan 50.000 euro it jier kin de bibliotheek likegoed ticht, sa tinke de meiwurkers. Moandei krije we politike partijen protest-hantekens oanbean.