Wind stipet 'Nuchtere Fries'

Drankjes en cocktails sûnder alkohol kinne lekker wêze. Mei dat boadskip makke tv-kok en smaakgoeroe Pierre Wind freed yn kafee De Swetser op It Hearrenfean tsientallen alkoholfrije miksdrankjes klear. Hy die dit foar de kampanje Nuchtere Fries fan provinsje en Fryske gemeenten. Mei de kampanje wurdt besocht om it drankgebrûk ûnder jongeren werom te bringen.
Wind makke al earder alkoholfrije cocktails. De kampanje giet geregeld op stapjûnen troch Fryslân.