Jonge (15) út Akkrum fermist

24 apr 2010 - 11:11

In 15-jierrige jonge út Akkrum wurdt sûnt freedtemiddei fermist. Jos Bijlsma rûn freedtemiddei om fjouwer oere hinne oerémis fuort by de Intratuin yn Ljouwert. Jos rûn al in skoft staazje by de Intratuin.

Doe't hy freedtejûns noch net thús kaam, skeakele de plysje Burgernet yn. Mar ek dêrnei waard hy net fûn. Hy hat blond hier, in meager oant slank postuer en hy hie in wyt fest oan mei in bontkraach. Bijlsma is 1 meter 70 lang.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)