Epke Zonderland yn twa finales

Turner Epke Zonderland hat him by de Europeeske kampioenskippen yn Birmingham pleatst foar de tastelfinales oan it rek en op de brêge. Oan syn favorite rekstôk waard er fiifde mei 14,900 punten. De Dútser Fabian Hambüchen hie mei 15,550 de heechste skoare. Op de brêge helle de Fryske turner as fjirde de finale.
Yn de lannewedstriid helle Nederlân de finale net. Ek hjir moast in plak by de bêste acht helle wurde. Mar Zonderland en syn maten waarden alfde.