Cambuur tsjin Go Ahead Eagles

23 apr 2010 - 22:25

SC Cambuur begjint de neikompetysje mei in dûbele konfrontaasje tsjin Go Ahead Eagles. Dat wie de útkomst nei de lêste kompetysjewedstriden fan freedtejûn. Op tongersdei 6 maaie wurdt spile yn Deventer, op snein 9 maaie yn Ljouwert.

Cambuur ferlear de lêste reguliere wedstriid mei 1-0 yn Roosendaal fan RBC. Sjoerd Ars makke krekt nei it skoft de iennichste goal. FC Oss, de ploech fan Snitser Chris de Wagt, degradearret nei de nije topklasse.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)