Ynbraak yn sikehûs Drachten

23 apr 2010 - 20:38

Der is ynbrutsen yn de kantine fan sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten. Tusken tongersdeitejûn tsien oere en freedtemoarn healwei achten is de doar iepenbrutsen fan it kantoar by it bedriuwsrestaurant. Alles wie oer de kop helle en twa brânkasten binne iepenbrutsen.

Wat der krekt stellen is en hoe't de dieders it sikehûs binnenkaam binne, is net bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)