Oplichter aktyf yn Burgum

De plysje warskôget ynwenners fan Burgum en omkriten foar in man dy't kontrakten foar it skjinmeitsjen fan konteners besiket te ferkeapjen.
De konteners wurde lykwols net skjinmakke. De man hat ek gjin fergunning om oan de doar te ferkeapjen. Hy hat koart donker hier, is 1.80 meter lang, hat in swarte jas oan, in spikerbroek en hat in izeren mapke by him dêr't kontrakten yn sitte.