Bultrêchskelet werom op Flylân

23 apr 2010 - 15:59

Flylân hat it skelet fan in bultrêch dy't seis jier lyn oanspielde op it eilân wer efkes werom. De seldsume walfisk waard doedestiids ta grutte argewaasje fan de eilanners troch de eardere boargemaster Van der Mark oan Ecomare op Tessel jûn. As treast mei it jubilearjende natoermuseum fan Flylân it skelet no in heal jier liene.

In preparateur is sa'n fjouwer dagen dwaande om it acht meter lange skelet yninoar te setten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)