Blommen op lûdswâl Winsum

23 apr 2010 - 14:36

De skoalbern fan Winsum ha freed allegearre blomsied ynsiedde yn de lûdswal by de provinsjale dyk. De aksje is in inisjatyf fan 'e ûndernimmersferiening. Oer de lûdswâl hat de ôfrûne jierren in soad te dwaan west. De wâl waard in pear jier lyn oanlein, omdat tocht waard dat soks ferplichte wie by huzebou.

Ynwenners wiene tsjin de wâl en woene dy graach fuorthelje litte. Mar de gemeente kin dat net opbringe, fanwege de hege kosten fan isolaasje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)