Nije fergunning REC oanfrege

23 apr 2010 - 12:53

Offalferwurker Omrin hat tongersdei by de provinsje in nije miljeufergunning foar de ôffalferbaarningsoven yn Harns oanfrege. De provinsje sil de kommende wike sjen oft de oanfraach ûntfanklik ferklearre wurde kin.

Dat duorret in wike. Omrin hie oant moandei de tiid foar in nije oanfraach. As Omrin tusken moandei en it ûntfanklik ferklearjen fan 'e oanfraach trochwurket oan de bou, is it bedriuw yn oertreding. De provinsje stjoert moandei ynspekteurs nei Harns.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)