De Saegher bliuwt yn Snits
Derk de Saegher hat syn kontrakt mei ien jier ferlingd as coach fan de follybalsters fan Snits. De Noard-Hollanner kaam tongersdeitejûn ta oerienstimming mei de kluplieding. Under De Saegher promovearre Snits it ôfrûne seizoen nei it heegste nivo fan Nederlân, de A-League.
Snits is drok op syk nei fersterkings foar takom seizoen no't Martha Malta en Nienke Westra de klup ferlitte. Neffens De Saegher moatte der minimaal fiif spylsters bykommme.
Trefwurden:
argyf