Deade man fûn yn Ljouwert
Yn it wetter fan it Fliet yn Ljouwert is freedtemoarn tsjin alve oere in deade man fûn. In foarbygonger seach it lichem op 'e hichte fan de Vuurdoarnstrjitte driuwen en hat dêrop de helptsjinsten belle. De brânwacht hat it lyk út it wetter helle.
Neffens de plysje is der gjin sprake fan in misdriuw.
Trefwurden:
argyf