Technics4u by ROC

23 apr 2010 - 12:01

Op it Friesland College yn Ljouwert dogge freed sa'n 250 bern mei oan it projekt Technics4u. It doel is om bern út de groepen 7 en 8 fan 'e basisskoallen yn 'e kunde komme te litten mei technyk. Se meitsje wurkjes en krije útlis oer technyske fakken.

Sneon wurde foar dielnimmers en âlders rûnliedings organisearre by technyske bedriuwen yn de regio. Doel is dat bern faker foar in technyske oplieding kieze. Ek Comenius en Piter Jelles dogge mei oan Technics4u.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)