Soad Friezen mei jildpine

Minsken út it noarden fan Nederlân binne tige pessimistysk as it giet oer harren finansjele takomst. Ek komme sy it faakst fan alle Nederlânners yn oanrekking mei in ynkassoburo. Dat docht bliken út ûndersyk fan ynkassospesjalist GGN. Sy dogge twa kear yn it jier ûndersyk nei it betelgedrach fan de Nederlanners.
Benammen noarderlingen dy't it ôfrûne jier harren baan kwytrekke binne ha it dreech. Sy krije faker in doarwarder oan de doar.