Smookferbod yn bosk Opsterlân

Smoke is foarearst ferbean yn 'e bosken fan Beetstersweach
Yn de bosken, heide en oare natuergebieten yn Opsterlân jildt mei yngong fan freed in smook- en stookferbod. Dit as gefolch fan de oanhâldende droechte. Dit betsjut dat it ferbean is om op hokfoar wize dan ek fjoer te meitsjen. Ek mei der net smookt wurde yn de natuergebieten.
Minsken wurdt frege om by in natuerbrân of oare fertochte omstannichheden sa gau mooglik it alaarmnûmer 112 te beljen. Troch de droechte is de kâns op brân grut.