Deinumer mei motor ûnderút

In man út Deinum (37) is tongersdei mei de motor ûnderút gien doe't er op 'e dyk tusken Marsum en Sint Anne oan kant riden waard troch in automobilist mei oanhinger.
De motorrider soe de auto mei oanhinger flak nei de rotonde by Marsum ynhelje. Doe't er njonken de auto ried, stjoerde de bestjoerder fan de auto nei links en treau de motorrider fan de dyk ôf. Dy foel en rekke ferwûne. De plysje is op syk nei tsjûgen fan it ûngelok.