Aris stunt wer yn Den Bosch
De Friesland Aris hat de earste wedstriid fan de play-offs yn Den Bosch mei 85-82 fan EiffelTowers wûn. Krekt as twa kear yn de kompetysje wûnen de Ljouwerter basketballers yn De Maaspoort. Yn it earste kwart sette Aris de Brabanners op achterstân: 25-16. It twadde en tredde kwart wie mei lyts ferskil foar EiffelTowers: 26-23 en 22-18. It lêste kwart wie mei 19-18 foar Aris.
Sneon is de twadde wedstriid yn It Kealledykje. By winst is Aris fierder.
Trefwurden:
argyf